Oanfraach Lawei foldie net

Deputearre Jannewietske de Vries neamt it skrassen fan de subsydzje fan 9 miljoen euro foar skouboarch De Lawei yn Drachten in dikke tsjinfaller. Neffens De Vries foldie de oanfraach net oan de kritearia fan Koers Noord. Dit subsydzjeprogramma is ûnderdiel fan it gearwurkingsferbân Noord-Nederland.
De kritearia foar de oanfragen wurde fêststeld troch it ministearje fan ekonomyske saken.