KNVB warskôget foar emelten

11 mrt 2010 - 20:35

De KNVB warskôget de Fryske fuotbalklups foar mooglike oerlêst fan emelten. Dat binne de larven fan langpoatmiggen. Troch alle snie fan dizze winter hawwe folle mear larven de winter oerlibbe. En dy larven ite gers en soargje foar keale stikken op sportfjilden.

Mar it grutste probleem komt fan de fûgels en mollen dy't de emelten wer opite. Dy kinne foar in soad skea oan de fjilden soargje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)