Kaskommisje helpt tsjin fraude

Jild efteroerdrukke by in feriening is net dreech. In bettere kontrôle moat misstannen te foaren komme. Dat seit Maarten den Ouden, skriuwer fan it boek 'De Kaskommissiegids'. Den Ouden jout lêzings en advizen oer hoe't ponghâlders yn ferienings de sinteraasje op oarder hâlde moatte.
Hieltyd faker komme amateurferienings yn 'e problemen omdat de ponghâlder jild meinimt. Dizze dagen is dat it gefal by keatsferiening Eendracht yn Harns.