Jouwer wol grienste plak wurde

11 mrt 2010 - 15:58

De Jouwer wol it grienste plak fan Nederlân wurde. It doarp docht mei oan 'e Entente Florale-kompetysje. Meikoarten komt in sjuery del om te sjen hoe grien oft it doarp is. Yn totaal dogge fjouwer plakken oan 'e wedstriid mei.

De gemente Skarsterlân seit al langer dwaande te wêzen mei it griener meitsjen fan 'e doarpen. Dêrfan is yn St. Nyk in moai foarbyld te sjen. Yn it sintrum fan it doarp is in beam fan 15 meter heech plante.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)