Gearwurking Wâldsang-skoalle
Muzykskoalle De Wâldsang sil him de kommende tiid mear rjochtsje op gearwurking mei skoallen. De plannen moatte benammen útwurke wurde troch de nije direkteur dy't op 1 april by de muzykskoalle oan 'e slach giet. De nije direkteur is Pietsje Hulshoff dy't de taak oernimt fan in ynterim-direkteur.
Muzykskoalle De Wâldsang hat festigings yn Burgum en Bûtenpost.
Trefwurden:
argyf