Alvetal bliuwt by Hark. Boys

Harkemase Boys
Harkemase Boys hat de kontrakten ferlingd fan in alvetal oan spilers. Mar leafst alve spilers fan de haadklasser hawwe kontraktferlinging krigen. Under dy spilers binne ûnder oare Martijn Barto en Oebele Schokkker. Foar de twa spilers wie in soad ynteresse, mar de twa spitsen bliuwe op De Harkema.
Fierder bliuwe spilers lykas Yeni, Loer, Van der Heijden en keeper Jacob de Vries ek by de Harkemase Boys.