Cambuur wint fan Zwolle

01 apr 2012 - 17:02

Sportklup Cambuur wûn sneintemiddei yn it eigen stadion mei 3-0 fan koprinner FC Zwolle. De Ljouwerters hiene in pikstart want binnen fiif minuten wie de stân al 2-0. Robert van Boxel en Wout Droste wiene de doelpuntemakkers. Noch foar it skoft wie it Bob Scheepers dy't de 3-0 op it skoareboerd sette. De twadde helte wie in formaliteit en der waard net mear skoard.

Troch dizze oerwinning stiet Cambuur op it fiifde plak.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)