EVT draait moeren stek los

Meiwurkers fan feartsjinst EVT hawwe tongersdeitemoarn yn Harns de moeren fan in stek losdraaid om passazjiers oan wâl gean te litten. It stek wie mei in ketting fêstset troch Rykswettersteat. Dy wol net dat de Eigen Veerdienst Terschelling oanleit om't dat bûten de ôfprate tiden is.
De EVT is in frij nije feartsjinst dy't konkurrearet mei Doeksen. EVT-meiwurkers hawwe dizze wike al in pear kear it ketting trochknipt. Ek moasten passazjiers keukentreppen brûke.