Boete fjirtjin bestjoerders

De plysje hat by ferkearskontrôles yn Boarnsterhim de lêste dagen fjirtjin automobilisten op 'e bon slingere.
Op de A32 tusken Grou en Akkrum waarden fiif minsken trapearre op it net handsfree beljen. Fierders joech op dy dyk ien automobilist gjin rjochting oan.
Yn Akkrum krigen acht bestjoerders in bekeuring. Seis riden in dyk yn wylst dat ferbean is, twa parkearden op in plak dêr't dat net mei.