Slimme ferwûning nei fal
In ynwenner fan Snits is opnaam yn it UMCG yn Grins, nei't er woansdei by syn wurk fallen wie. De man wie dwaande oan de Harnzerstrjitwei yn Boalsert, doe't er net goed waard. Hy foel trije meter nei ûnderen ta. Dêrby rûn nei alle gedachten letsel oan 'e holle op.
By de helpferliening is ûnder oare in traumahelikopter ynset.