Wertelling stimmen op Skylge

Wertelling stimmen op Skylge
Op Skylge wurde de stimmen dy't ferline wike útbrocht binne by de gemeenteriedsferkiezings op 'e nij teld. Op it eilân giet praat oer fraude. Mei de wertelling wol de gemeente dêr in ein oan meitsje.
Plaatselijk Belang Terschelling hat ûnder oare frege om de nije telling. Douwe Wiegman fan dy partij hat offisjeel seis stimmen krige, mar neffens Wiegman sels hawwe seker njoggentjin minsken op him stimd. De wertelling fynt tongersdeitejûn plak.