Driuwend fakânsjehúske op Waad

Foar de Waadkust soe takom jier in driuwend fakânsjehúske op in peal komme moatte te stean. Lektor Van den Berg fan 'e Hanzehegeskoalle Grins hat dêr mei oaren it plan foar. De Waaddobber stiet droech by êbe en giet mei it tij op en del. It plak is fariabel, as der mar in doarp of in stêd yn 'e buert is. Grinslân en Tessel hearre ek ta de mooglikheden.
Doel fan it húske is dat de gasten genietsje kinne fan de wiidsheid fan it Waadgebiet.