Oanjefte tsjin ponghâlder

11 mrt 2010 - 09:31

Keatsferiening Eendracht yn Harns hat oanjefte dien tsjin de ponghâlder, omdat der 15.000 euro wei is. De ponghâlder is royeard as lid en is út it bestjoer set. De feriening hâldt rekken mei fraude. De klup hat no hast gjin jild mear foar de festiviteiten mei it 110-jierrich bestean. Dy soene dit jier hâlden wurde.

De finansjele problemen binne ein ferline jier oan it ljocht kaam. It bestjoer hat besocht om der earst mei de ponghâlder út te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)