XL en DeLange nei Ljouwert

10 mrt 2010 - 19:16

DJ Junkie XL en Ilse DeLange binne de earste grutte nammen foar it befrijingsfestival yn Ljouwert. Junkie XL is ien fan de ambassadeurs fan de frijheid en sil yn in helikopter meardere festivallokaasjes yn Nederlân besykje.

Countrysjongeres Ilse DeLange slút om in oere as tsien it festival yn Ljouwert ôf. It festival wurdt dit jier foar de 19e kear hâlden. Ek artysten as Miss Montreal en Bertolf komme nei Ljouwert om te spyljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)