Flylân tsjin wetterskipslêsten

10 mrt 2010 - 17:35

As iennichste waadeilân hat Flylân protest oantekene tsjin de wetterskipslêsten fan Wetterskip Fryslân. De bewenners wolle de belesting net betelje, omdat it Wetterskip it ûnderhâld fan de seediken net docht. Dat is yn hannen fan de gemeente sels.

Wetterskip Fryslân is lykwols net fan doel om de belesting foar Flylân te skrassen. De befolking krijt yn har protest stipe fan it gemeentebestjoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)