Ponghâlder fertocht fan fraude

10 mrt 2010 - 17:01

De ponghâlder fan de keatsferiening fan Harns wurdt fertocht fan fraude. Hy hat mooglik mear as 15.000 euro weimakke. De ponghâlder is foarige wike troch de keatsklup royearre. De klap komt dûbel sa hurd oan, omdat de feriening krekt dit jier it 110 jierrich bestean fiere soe.

Aktiviteiten dy't yn it ramt fan it jubileum organisearre wurde soene kinne yn ferbân mei in gebrek oan jild net mear trochgean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)