Mooglik fúzje Fryske ambulânse

10 mrt 2010 - 12:47

De Fryske ambulânseferfierders moatte sa't it no liket dochs fusearje of gearwurkje. Fan takom jier ôf mei der noch mar ien ambulânseferfierder wêze yn Fryslân. Dêrom waard ferline jier de konkurrinsje oangien tusken de ferfierders, om dat ferfier te krijen.

It MCL-sikehûs yn Ljouwert kocht in oandiel yn Kijlstra Ambulancegroep en it Sint Antonius-sikehûs yn Snits begûn tegearre mei it UMCG yn Grins de Ambulancezorg Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)