De Jouwer giet foar grien

It gemeentehûs stiet ek folop yn it grien
De Jouwer docht mei oan de nasjonale grienkompetysje Entente Florale. De Jouwer is mei Bladel, Broek in Waterland en Elbrug nominearre yn de kategory Lytse stêden en doarpen. Op 11 juny komt in sjuery nei De Jouwer om it grien te besjen.
Op dy dei binne yn it doarp ek de winnende foto's te sjen fan in wedstryd ûnder ynwenners fan Skarsterlân. Dy meie de moaiste griene plakjes yn har gemeente op 'e foto sette.