Broers Zonderland helpe elkoar

Epke Zonderland (foto: Martin de Jong)
Turner Epke Zonderland sil it kommende wykein by de wrâldbekerwedstriden yn Cottbus begelaat wurde troch broer Herre en Willem Veldman. Veldman is âld-turntrainer en no manager CTO (sintrum foar topsport en ûnderwiis) op It Hearrenfean.
Dit duo is troch de KNGU frege om de taken fan Gerard Speerstra oer te nimmen. Speerstra waard ferline wike troch de gymnastykuny skort omdat hy him negatyf útlitten hawwe soe rjochting it gymnastykbûn.