Seis man fêst foar fjochterij

Trije ynwenners fan Ljouwert en trije fan Stiens wurde troch de plysje fertocht fan it iepenlik brûken fan geweld en poging ta deaslach. De seis soene belutsen west hawwe by in grutte fjochtpartij, ein febrewaris yn Ljouwert. Dêrby rekke in 18-jierrige jonge ferwûne.
Earder waarden al fiif fertochten oppakt, mar dy bleken neat te krijen te hawwen mei de fjochtpartij. Tsjûgen wiisden de plysje op de seis dy't no oppakt binne.