Moai punt Harkemase Boys

09 mrt 2010 - 23:33

Harkemase Boys hat tiisdeitejûn in punt oerholden oan de wedstriid tsjin HHC yn Hardenberg. It bleau 0-0. Yn in iepen striid wie it earste kertier foar de Boys. Dêrnei waard HHC better mei ballen op peal en latte.

Yn it begjin fan de twadde helte wer in pear bêste kânsen foar de ploech fan trainer Henk de Jong, mar gjin goals. Jacob de Vries koe dêrnei de waarmte hâlde troch geweldich keeperswurk. Henk de Jong wie nei ôfrin tefreden: "It is in moai punt."

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)