Minder auto's troch Boalsert

09 mrt 2010 - 23:14

It sintrum fan Boalsert moat autolij wurde. Dat is ien fan de plannen dy't tiisdeitejûn op in gearkomste presentearre is. De jûn gie oer it oplossen fan de ferkearsproblemen yn de stêd.

Yn de plannen stiet ek dat der minder bussen troch de binnenstêd ride sille. Fierders binne der plannen presentearre foar in nij stasjon oan de Harnserstrjitte. In soad minsken binne hjir net oer te sprekken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)