FMG distributeurs ien bedriuw

De Foreign Media Group út Ljouwert hat syn dochterbedriuwen Bridge Entertainment en Just Entertainment gearfoege. It nije bedriuw is no ien fan de grutste ûnôfhinklike filmdistributeurs fan de Benelux. Yn it portfolio sitte titels as Bob de Bouwer, Schippers van de Kameleon, De Hel fan '63 en ferskate BBC-series.
It nije bedriuw is goed foar in jieromset fan sa'n 25 miljoen euro en hat noch gjin nije namme.