Undersyk nei MFC Aldegea

© Omrop Fryslân
Der sil ûndersyk dien wurde nei de bou fan in multyfunksjoneel sintrum yn Aldegea (Smell.) Alle riedsfraksjes yn Smellingerlân stimden tiisdeitejûn foar it foarstel foar in helberensûndersyk. Sa moat der sjoen wurde nei de finansiering en in goede eksploitaasje fan it sintrum.
Binnen no en in pear moanne moat dúdlik wêze oft der yn Aldegea in MFC komme kin. De gemeenteried kin dan in definityf beslút nimme.