Start stoomtrein útsteld

De start fan de Fryske Stoomtrein Maatskippij is útsteld. Der soe fan 't simmer mei de âlde trein tusken Snits en Starum riden wurde, mar dat mei net fanwege strangere feiligheidsregels.
Earst moatte der by it stasjon fan Snits oanpassings dien wurde oan it spoar. Dit om ûngelokken mei de reguliere treinen fan Arriva foar te kommen. It feiligenssysteem kostet in soad jild en de wurksumheden duorje lang. De stoomtrein kin sadwaande pas yn de simmer fan 2011 ride.