Ljouwert hâldt jild oer

De gemeente Ljouwert hat oer 2009 in posityf resultaat boekt fan 14 miljoen euro. Der wie rekken hâlden mei de helte fan dit bedrach.
Dat it resultaat sa heech útfalt komt troch in lette útkearing fan 5 miljoen euro fan it Ryk. Dizze kaam pas yn novimber op de rekken en koe net mear útjûn wurde. In grut part fan it bedrach is reservearre foar projekten. It nije kolleezje fan B&W krijt fiif miljoen euro as bûsjild mei foar de kommende riedsperioade.