Te min besef gefolgen krimp

Krimp benammen op plattelân
Makelersorganisaasje NVM fynt dat lytse gemeenten te min beseffe wat in krimpende befolking krekt foar har betsjut. Dat betsjut bygelyks minder ynkomsten út belestings. Ek is der faak te min kennis by gemeenten om wat te dwaan oan de krimp op it plattelân.
NVM pleitet foar mear gearwurking tusken provinsje en gemeenten om wat oan de ferwachte krimp te dwaan. Yn Fryslân wurdt dy oer in pear jier ferwachte yn Noard-Fryslân.