Nije berneopfang Achtkarspelen

Op De Harkema moat yn in nije sintrum in pjutteplak en in bernedeiferbliuw realisearre wurde. Dat wol de gemeente Achtkarspelen. De nije húsfesting moat komme op it plak dêr't no noch in gymnastyklokaal oan de Nijkamp sit. It bestjoer fan pjutteplak De Wâldpykjes is foarstanner fan it plan.
De gemeente wol oerlizze mei de berneopfang om oer mooglikheden te praten. As mienskiplike húsfesting net mooglik blykt, krijt it pjutteplak in nij gebou op de âlde lokaasje.