'EVT net wolkom op Flylân'
Yorick Haan is sûnt 15 febrewaris de nije boargemaster fan Flylân. Hy is jong (35) en ambisjeus. Haan sjocht in moaie takomst foar Flylân. Nijbou moat de wenningneed op it eilân oplosse en it eilân moat yn de takomst better berikber wêze. Dus mear fearboaten, mar de Skylger partikuliere feartsjinst EVT is net wolkom.
De beneaming fan Haan op Flylân wie opfallend. Hy hat mear as 13 jier aktyf west by de SP en gie letter fierder mei Progressief Schiedam.