Frou bepalend foar kar Foppe

Foppe de Haan
Hy fielt him as in fisk yn it wetter en no´t syn frou ek wol, bliuwt hy yn Súd-Afrika. Foppe_de_Haan hat syn kontrakt mei in jier ferlingd by Ajax_Cape_Town. De 66-jierrige fuotbaltrainer begûn yn oktober 2009 oan syn nije aventoer. Mei syn nije klup waard hy sânde yn de einstân.
De eardere geruchten dat de âld-Hearrenfeantrainer weromkomt nei Nederlân, omdat hy it net nei syn sin hat, binne neffens De_Haan net wier.