Lutz Jacobi yn rolstoel

09 mrt 2010 - 12:02

PvdA-Twadde-Keamerlid Lutz Jacobi sit tiisdei yn in rolstoel. Net omdat se wat mankearret, mar om sels ris te ûnderfinen wat soks betsjut. Dat docht se yn it ramt fan it 5-jierrich jubileum fan it Foppe Fûns. Sander Suk fan it Foppe Fûns hie Jacobi frege om foar ien dei yn in rolstoel te sitten.

It Keamerlid begûn tiisdei op it stasjon fan Ljouwert oan dizze bysûndere útdaging. 28 maaie wurdt it 5-jierrich bestean fierd, dan komt der ek in blêd út, De Foppe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)