Opskuor beammekap De Sweach

09 mrt 2010 - 11:11

Yn Beetstersweach is op'e nij opskuor ûntstien oer de beammekap yn it Van Lyndenpark troch wenninboukorporaasje Elkien. Neffens it Platform Leefbaarheid Beetsterzwaag is sprake fan in ekonomysk delikt. De kap soe net foldwaan oan de regels fan it ministearje fan Lânbou.

In wurdfierster fan Elkien sprekt dat tsjin. Der binne nestkasten ophongen foar de flearmûzen yn it gebiet. Ek meie beammen nei 15 maart kapt wurde as der gjin nêsten yn sitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)