EVT-passazjiers oer de stekken

09 mrt 2010 - 11:06

Passazjiers fan de Eigen Veerdienst Terschelling moasten tiisdei yn Harns oer de stekken op de kade klimme om op de fêstewal te kommen. RWS hie de stekken wer op slot set, nei't personiel fan de feerboat dat moandei iepenknipt hie. Mei treppen koene de passazjiers oer de stekken komme.

Der is in konklikt tusken de EVT en RWS oer de fartiden. Neffens RWS fart EVT net neffens de fartiden. Se moatte in oere foar de ôffeart fan konkurrint Doeksen sitte of in heal oere dêrnei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)