Grutte partij klean stellen

By in ynbraak yn in winkel oan de Dracht op It Hearrenfean, is sneintenacht foar tûzenen euro's oan klean stellen. De dieders forsearren earst in doar en makken dêrnei in gat yn 'e muorre om deryn te kommen. Se namen in grutte partij klean mei.
By in bedriuw oan de Tolhuswei op 'e Jouwer binne sneintenacht seis crossmotoaren stellen. De dieders kamen deryn troch in rút te fernielen. Se namen ek noch in auto mei dy't foar it bedriuw stie.