Skylgers slaan autorút yn

09 mrt 2010 - 10:04

De plysje hat ôfrûne nacht twa manlju fan 20 en 21 jier fan Skylge oanholden. Der wie in melding binnen kaam dat twa manlju in autorút ynslein hiene. De eigner seach dat ien fan de fertochten mei in stik hout op syn auto omsloech.

De plysje koe ien fan de manlju oanhâlde. De twadde meldde him letter sels op it buro. Beide sitte noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)