Frachtwein yn de berm
Op de A6 fan Sint Nyk nei De Lemmer is tiisdeitemoarn in frachtwein yn de berm bedarre. De frachtwein is laden mei 15 ton fisk. Rykswettersteat is drok dwaande om foar te kommen dat de oalje dy't út de frachtwein lekt, op de dyk komt. Ek sil rykswettersteat de frachtwein wer oerein takelje.
De plysje ferwachtet dat it ferkear hinder ûnderfine kin fan de wurksemheden.