Lintsjes foar riedsleden

In lytse lintsjerein foar riedsleden
De gemeenteriedsferkiezings ha west en dat betsjut ôfskied fan riedsleden en dan is it ek wer tiid foar lintsjes. As riedsleden tolve jier yn de ried sitten hawwe wurde se lid yn de Orde fan Oranje-Nassau. Dat wie moandei it gefal yn ûnder oaren Westellingwerf en dat sil de kommende dagen yn noch folle mear gemeenten plakfine.
Marcel van der Laan wie 24 jier doe't hy yn de ried kaam. Hy wie doe it jongste riedslid. No is hy 36 jier en is er dat noch.