Gjin fûns foar pealrot-skea

08 mrt 2010 - 23:08

Der komt foarearst gjin skeafûns foar minsken dy't troffen binne troch pealrot. Deputearre Steaten sjogge der gjin heil yn no't de gemeenten net meibetelje wolle. It Wetterskip sjoch dêrom ek ôf fan in bydrage. Foar de regeling is in lytse 50 miljoen euro nedich.

De gemeenten fine dat sy net ferantwurdlik binne foar de skea en ha der dêrom gjin jild foar oer. Dat wie wol ien fan de easken fan Provinsjale Steaten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)