Cambuur ferliest de topper

Cambuur ferliest de topper fan De Graafschap
SC Cambuur hat de topper yn de Jupiler League yn Doetinchem mei 3-0 ferlern fan De Graafschap. Yn in roerige earste helte trape Steve de Ridder nei. Hy krige read, mar daliks dêrnei skeat Hugo Bargas út in frije traap syn tsiental prachtich op foarsprong.
Cambuur moast nei 28 minuten ek mei tsien man fierder nei de reade kaart fan Reza Ghoochannejhad. Yn de twadde helte makken Bargas en Jungschläger dien wurk. Maachi, Hese en De Vries wiene tichtby in Ljouwerter goal.