Ofspraken Frysk Súdwesthoeke

© Omrop Fryslân
De fiif fúzjegemeenten yn de Súdwesthoeke sille it brûken fan it Frysk op elkoar ôfstimme. Dat hawwe se ôfpraten mei steatssekretaris Bijleveld fan Binnenlânske Saken en mei de provinsje. De fiif gemeenten wolle in foarbyld wêze mei ambisjeus gebrûk fan it Frysk.
Ienheid yn belied foar it Frysk wurdt foarskreaun yn it Europeesk Handvest foar minderheidstalen, mar los fan de wetjouwing wolle de gemeenten it belied ek op elkoar ôfstimme.