Jansma wurdt gjin bob-piloat

08 mrt 2010 - 15:15

Sybren Jansma fan De Pein achtet de kâns lyts dat hy fierder giet as piloat. De 27-jierrige atleet is remmer yn sawol de twa- as de fjouwermansbob. Nei it esjek yn Vancouver - stjoerman Edwin van Calker doarde ynienen net mear - sei bûnscoach Tom de la Hunty dat Jansma de ideale opfolger fan Van Calker is.

Jansma wol him earst beriede oer syn takomst. Allinnich as Van Calker oanbliuwt as stjoerman giet Jansma noch fjouwer jier troch as remmer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)