Boeren leare oer greidefûgels

08 mrt 2010 - 12:17

De Fûgelbeskerming is op syk nei boeren dy't in soad ûnderfining ha mei greidefûgelbeskerming of dêr noch in soad oer leare wolle. Doel is om de boeren mei elkoar yn kontakt te bringen, sadat goeie of fernijende oplossings meielkoar dield wurde.

Dat giet middels in webside, in nijsbrief en workshops. It giet om in nij lanlik netwurk, wêrby ek Fryske boeren tige wolkom binne. Hjir briede noch hieltyd de measte greidefûgels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)