Utfeartbrânzje moat ferjongje

© Omrop Fryslân
De Fryske útfeartferienings moatte ferjongje. Der moatte mear jongeren by de ferienings belutsen wurde en de ferienings moatte ek mear gebrûk meitsje fan nije kommunikaasjemetoaden lykas Twitter. Dat fynt Jan de Jong, foarsitter fan de Federaasje fan útfeartferienings yn Fryslân.
Mei mear ynbring fan jongeren kinne de ferienings better ynspylje op nije ûntwikkelings en trends op it mêd fan de útfeart.