Kolleezje Skylge: PBT en PvdA

Op Skylge binne de fraksjes fan de Partij van de Arbeid en Plaatselijk Belang Terschelling úteinset mei petearen om tegearre it nije kolleezje fan Skylge te foarmjen. De PvdA en PBT hawwe foarinoar keazen nei twa ferkennende petearen dêr't alle partijen oan meidiene. Der wurdt dizze wike fierder ûnderhannele op Skylge.
De PvdA en PBT wûnen de ferkiezings op Skylge en hawwe tegearre 7 fan 'e 11 sitten yn de ried. VVD en CDA - mei elts twa sitten - steane bûtenspul.