Jonge brutsen noas slein

In 28-jierrige Jobbegeaster is yn de nacht fan sneon op snein op De Gordyk oanhâlden foar mishanneling. Hy soe in 16-jierrige plakgenoat in brutsen noas slein hawwe. Oan 'e hân fan ferklearrings fan tsjûgen koe de plysje de man gau oanhâlde.
Beide manlju hiene spul krige omt de 16-jierrige de fertochte oanstjit hie op 'e dûnsflier. De fertochte is meinaam nei it buro en yn 'e sel set.