Laptops stellen by bedriuw

07 mrt 2010 - 15:10

By in ynbraak yn in bedriuw oan de Alde Mar yn Dronryp binne sneontejûn trije laptops stellen. De ynbrekkers koene deryn komme omt se mei in stien in rút ynsmiten hiene.

It ynbraakalarm gie al ôf, mar de plysje wie krekt te let de dieven op 'e die te trappearjen. De 42-jierrige eigner hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)