HBO rjochten yn Ljouwert

07 mrt 2010 - 13:35

Hegeskoalle NHL yn Ljouwert set takom skoaljier út ein mei in HBO-oplieding rjochten. Neffens de skoalle is yn it Noarden grut ferlet fan minsken mei in juridyske achtergrûn. De NHL sil foar de stúdzje gearwurkje mei de rjochtbank, de Friesland Bank en it CJIB.

De studinten krije nei de stúdzje ek de mooglikheid maklik troch te streamen nei de universiteit. De rjochtbank yn Ljouwert is bliid mei de nije HBO-oplieding rjochten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)