Hearrenfean bakt der neat fan

Henk Timmer: 4 tsjingoals by syn debút by Hearrenfean (argyffoto)
Sportklup Hearrenfean is yn Alkmaar tsjin de 16e nederlaach fan it seizoen oprûn. AZ wûn mei 4-1.
Hearrenfean kaam noch wol op 1-0 troch de earste goal fan Filip Djuricic. In minút letter skoarde Martens de lykmakker. El Hamdaoui makke yn de 35e minút 2-1. Nei rêst wie Hearrenfean efkes better, mar troch min ferdigenjen makken Lens en Holman noch twa doelpunten. SC Hearrenfean bliuwt 13e mei 26 punten út 26 wedstriden.