Frachtskip hast sonken

In binnenfeartskip mei sân is sneon sawat sonken by de Headambrêge by Aldegea Smellingerlân. De skipper út Earnewâld dy't net oan board wie, waard belle troch tsjûgen dy't seagen dat it skip nei ien kant oerhong.
Troch ûnbekende oarsaak wie in lek ûnstien yn it rom en streamde it wetter deryn. De brânwacht fan Smellingerlân hat it rom leechpompt. It sân is mei in kraan oerladen yn driuwende bakken. It skip leit no by in werf foar reparaasje.