Kursus eigen bedriuw begjinne

Ljouwert helpt wurkleaze froulu by eigen bedriuw
Wurkleaze froulju krije fan 'e gemeente Ljouwert de kâns in eigen bedriuw te begjinnen. Tolve froulju binne mei gemeentlike help klearstoomd foar de merk. Yn in heal jier tiid hawwe se leard hoe't se in bedriuw liede moatte. De froulju krigen freed de sertifikaten foar de kursus. De útrikking foarme de ôfsluting fan it Ljouwerter projekt Matriamarkt.
De gemeente moat noch beslute oer in ferfolch. Oare gemeente hawwe ek ynteresse foar it projekt.